Jild foar sintrum op Ofslútdyk

De komst fan in duorsumheidssintrum op de Ofslútdyk is in stap tichterby
De provinsje Fryslân stelt 150-tûzen euro beskikber foar de fierdere ûntwikkeling fan in duorsumheidssintrum op de Ofslútdyk. Dit sintrum moat in belevingssintrum wurde wêryn duorsumheid sintraal stiet.
It giet dan benammen om wetter, enerzjy, natuer en iten. Boargers, bedriuwen en kennisynstellings út de hiele wrâld moatte hjir mekoar moetsje.