75 monuminten yn Boalsert

De binnenstêd fan Boalsert hat der 75 monuminten by
75 gebouwen yn de binnenstêd fan Boalsert binne oanwiisd as gemeentlik monumint. Dizze gebouwen hawwe kultuerhistoaryske of arsjitektoanyske wearde en moatte beskerme wurde. Foar de 75 monuminten is 50-tûzen euro subsydzje beskikber steld.
Bou-oanfragen moatte fan no ôf foarlein wurde oan de monumintekommisje. Der wurdt dan ûnder oaren sjoen of de boustyl wol past by de perioade weryn't it gebou boud is.