Nije ynterim-direkteur NNO

19 okt 2010 - 17:37

Maurits Haenen wurdt op 1 desimber beneamd as ynterimdirekteur fan it Noard-Nederlânsk Orkest. Hy nimt tydlik de lieding oer fan Jan Geert Vierkant dy't dan algemien direkteur wurdt fan Martiniplaza.

Haenen sit sûnt 1985 yn de muzykwrâld. Hy hat hiel lang by it Nederlânsk Balletorkest wurke en wie hast 20 jier algemien direkteur fan Holland Symfonia. De lêste jierren wurke er al as ynterimdirekteur by ferskate bedriuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)