Mear minima brûke regelingen

© Omrop Fryslân
Yn Súdwest-Fryslân meitsje minsken mei in leech ynkommen hieltyd mear gebrûk fan 'e spesjale regelingen foar harren. Trije jier ferlyn waard noch gjin 200.000 euro útjûn oan goed 600 minsken. Dit jier giet der mei-inoar 700.000 euro nei 1600 minsken.
Reden foar de taname is dat hieltyd mear minsken op 'e hichte binne fan 'e regelingen en dat de minsken harren ek minder skamje foar de oanfraach. Fierders komme der ek mear minsken foar yn 'e beneaming.