Minder rôffûgelferfolging

19 okt 2010 - 16:15

De Fryske plysje set takom jier minder yn op oanpak fan rôffûgelferfolging. De pakkâns wurdt dêrtroch lytser. It projekt dêr't de ekstra ynset yn regele wurdt, rint ôf.

Roffûgelferfolging komt wol gauris foar yn Fryslân, sa faak dat it dit jier it lanlik nijs helle. Mar dochs komt de plysje tenei inkeld yn aksje as der meldings binne dy't in goede kâns op oanhâlding fan in dieder jouwe. It wie dreech te bewizen dat de ekstra ynset ek echt effektyf west hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)