Konsert yn Afganistan regele

In boekingsburo út Wytmarsum hat ôfrûne wike twa konserten fersoarge foar Nederlânske militên yn Afganistan. Der binne noch hieltyd Nederlanners yn it oarlochsgebiet. De konserten soene earst troch it bedriuw fan Marco Borsato regele wurde, mar dat is fallyt gien. Definsje hat no it Fryske BME Bookings frege om optredens te fersoargjen. Mooglik komt der in ferfolch, want de Australiërs yn Afganistan hawwe ek belangstelling.