Jonge op brommer oanriden

Foto: Jaring Rispens
In 17-jierrige jonge út Baaium is tiisdeitemoarn by Winsum ferwûne rekke by in oanriding mei in frachtwein. De jonge ried op 'e brommer oer de Froonackerdyk. Dêr klapte er op de truck dy't in hiem opried. Mei brommer en al bedarre de jonge yn 'e sleat. Omstanners hawwe him derút helle.
De jonge hie ûnder oare ferwûnings oan 'e skonk. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs fan Snits brocht. De plysje ûndersiket it ûngelok.