Alde Feanen: seldsume planten

Yn nasjonaal park De Alde Feanen binne in behoarlik soad seldsume planten fûn. Dat seit Germ van der Burg fan natuerorganisaasje It Fryske Gea dy't it gebiet beheart.
Alle plantesoarten yn it gebiet wurde mei yngong fan dit jier op in kaart yntekene. Dat is in soad wurk en dêrom is earst sjoen nei de seldsume soarten. De registraasje is nedich omdat ôfpraat is de natoerûntwikling yn 'e Alde Feanen skerp te folgjen.