Gjin lêst fan staking Frankryk

Argyffoto Omrop Fryslân
Fryske transportbedriuwen hawwe gjin lêst fan it brânstoftekoart yn Frankryk. Dêr binne stakings tsjin de plannen om de pensjoenleeftyd te ferheegjen. Sadwaande is no hast gjin disel mear te krijen by tanktasjons. De tankynhâld fan frachtweinen en touringcars is lykwols sa grut dat der net yn Frankryk tankt hoecht te wurden. Boppedat tanke sjauffeurs faak krekt foar de grins.
Fryske sjauffeurs warskôgje wol foar stellerij út 'e brânstoftanks.