'Frysk yn rjochtseal bliuwt'

19 okt 2010 - 10:44

De ferhuzing fan it Iepenbier Ministearje en de ôfdieling bestjoersrjocht nei Grins betsjut net dat it rjocht om Frysk te praten yn 'e rjochtseal ferfalt. Dat seit advokaat Gina Kamsma. Sy hat út namme fan 'e rie fan tafersjoch fan 'e Fryske advokaten kontakt hân mei de ynstânsjes. Salang't de sittings yn Ljouwert binne, is Frysk gjin probleem.

De FNP-Steatefraksje makket him wol soargen oer de gefolgen foar it Frysk by in ferhuzing nei Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)