Goede opkomst De Friese Meren

18 okt 2010 - 22:36

De ynformaasjejûn fan de gemeente Gaasterlân-Sleat oer de nije fúzjegemeente De Friese Meren luts moandei goed 60 man. Gaasterlân-Sleat is bliid mei dy opkomst. In wike earder kaam yn Lemsterlân mar in hantsjefol minsken op de gearkomste ôf. De fragen giene benammen oer de posysje fan It Hearrenfean, de wurkgelegenheid en de namme.

It is de bedoeling dat der letter yn it proses mear fan soksoarte gearkomsten hâlden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)