Jong Grins-Jong It Fean ek 1-0

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean/Emmen hat de wedstriid tsjin de beloften fan FC Grins ferlern. Krekt as de wedstriid fan snein tusken de twa flaggeskippen fan it Noarden waard it yn Grins 1-0. It winnende doelpunt foel krekt foar it skoft. It waard makke troch Norair Mamedov.
Jong Hearrenfean/Emmen krige wol kânsen, mar krekt lykas it spul wie de ôfwurking net goed genôch. Beide ploegen hawwe no alve punten út acht wedstriden en stean yn de middenmoat.