Sigretterôf by Aldi Bilgaard

De Aldi yn de Ljouwerter Bilgaardpassaazje
Trije dieven ha moandeitemiddei de Aldi-supermerk yn de Bilgaardpassaazje Ljouwert bestellen. Se hawwe in winkelkarre fol sloffen sigaretten goaid en binne mei in auto útnaaid.
De plysje hat kollega's frege nei de auto út te sjen. Yn Noard-Hollân waard de auto sjoen doe't er fan de Ofslútdyk kaam. De auto is by restaurant Wieringermeer oan de kant set. Dêr koe ien man oanhâlden wurde. Twa oaren binne rinnendewei útnaaid. De plysje hat in helikopter ynset.