Bestjoersrjochters nei Grins

18 okt 2010 - 16:08

Nei it Iepenbier Ministearje ferhúzje mooglik ek de bestjoersrjochters út Ljouwert nei Grins. Dat befestiget de rjochtbank yn Ljouwert. Njonken de rjochters ferhúzje ek de meiwurkers mei nei Grins. It giet om 35 minsken.

Under bestjoersrjocht falle ûnder oare belestingsaken, miljeufergunnings en it frjemdelingerjocht. De bestjoersrjochters en harren meiwurkers soene neffens de plannen yn 2012 nei Grins ferhúzje moatte. Foar de sitting komme se wol nei Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)