'Hertoperaasjes yn MCL hâlde'

18 okt 2010 - 15:46

Fryske hertpasjinten ha in grutter risiko om te stjerren as sikehûs MCL net langer saneamde THI-hertklep-operaasjes útfiere mei. Sa'n 86 âld-hertpasjinten wiene moandei foar protest yn it MCL yn Ljouwert. It ryk wol hertklep-operaasjes troch de ljisk allinnich noch yn it suden en westen fan it lân útfiere litte.

De ôfstân en lange wachttiden soene risiko's foar de Fryske hertpasjinten betsjutte. En dat wylst it MCL in soad súkses mei de operaasjes hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)