Warskôging foar Pr8Print

18 okt 2010 - 14:05

Achtkarspelen warskôget foar in Gordykster útjouwer dy't oan bedriuwen mei malafide metoades advertinsjes besiket te ferkeapjen. It bedriuw mei de namme Pr8Print seit dat se ferskate útjeftes fersoarget foar de gemeente: in Milieuwijzer, in EHBO-gids en in brânprevinsjegids. De gemeente hat lywols neat mei dy gidsen te krijen.

Op ynternetfora wurdt in soad warskôge foar Pr8Print: der wurde rekkens stjoerd foar advertinsjes dêr't de ûndernimmer nea om frege hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)