Ynnovaasje: mear gearwurkje

Der moat mear en iepener gearwurke wurde op it mêd fan ynnovaasje. Mei dy oprop kaam moandeitemoarn direkteur Hendriks fan Philips Benelux op it ynternasjonale wetterkongres fan Wetsus yn Ljouwert.
It kongres is dit jier foar de sechde kear. As it om ynnovaasje giet draait alles om goeie gearwurking, sa seit Hendriks. Op it wetterkongres prate sa'n 800 wittenskippers twa dagen oer wettertechnology en de lêste ûntdekkings op dat mêd.