NNO test Mozart-effekt

Wolfgang Amadeus Mozart
It NoordNederlands Orkest (NNO) hat snein by in konsert yn de Ryksuniversiteit fan Grins it Mozart-effekt úttest. Kloppet it ferhaal dat je fan it harkjen nei muzyk fan Mozart rêstiger én yntelliginter wurde?
Om dat te testen waard muzyk fan Mozart spile en oanslutend muzyk fan in oare komponist. Der waard sjoen wat foar effekt dat op it publyk en de muzikanten hie. It NNO sil takom jier in twadde test nei it Mozart-effekt útfiere.