Gjin stroom op rekreaasjepark

18 okt 2010 - 11:36

Der is noch hieltiid gjin oplossing foar de bewenners fan rekreaasjepark Eastmahorn, by Eanjum. Dy sitte sûnt freed sûnder stroom. It enerzjybedriuw hat de stroom ôfsletten omdat de eigner fan it park de rekkens net betelle.

De feriening fan bewenners is mei it enerzjybedriuw yn petear om wer stroom te krijen, mar dêr is oant no ta noch neat útkommen. In soad bewenners binne fuortgien, oaren hawwe in aggregaat oanskaft om dochs stroom te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)