Fragen PvdA, FNP oer justysje

18 okt 2010 - 10:23

De steatefraksjes fan de PvdA en de FNP ha fragen steld oer it mooglik fuortgean fan it iepenbier ministearje út Ljouwert. It kolleezje fan prokureurs-generaal wol dat it OM nei Grins ferhuzet omdat it tal arrondisseminten en plysjekorpsen werombrocht wurdt fan 19 nei tsien.

Omdat it regionale haadkantoar fan it IM yn Grins stiet, is dat de bêste lokaasje, fynt it kolleezje fan prokureurs-generaal. De PvdA wol witte om hoefolle banen it giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)