Pleats St Nyk foar tv yn brân

18 okt 2010 - 06:49

Spesjaal foar tillevyzje is sneintejûn yn Sint Nyk in pleats yn 'e brân setten. It gie om in fertutearze pleats oan de Scharlijen.

De eigner hie reageard op in oprop fan de produsint. Dy socht foar de opnamen fan de tillevyzjesearje 'De geheimen van Barslet' in pleats dy't de brân yn mocht. Snein wiene alle omstannichheden goed en joech de brânwacht tastemming foar de opnamen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)