Fúzje-ynfojûn yn Balk

17 okt 2010 - 15:53

Yn Balk is moandei de twadde ynformaasjejûn foar de fúzje fan de gemeenten Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat. Op it gemeentehûs fan Balk jout boargemaster Hoornstra útlis en kinne ynwenners fragen stelle. Tiisdei is de tredde en lêste gearkomste op 'e Jouwer. Op 'e earste, woansdei op 'e Lemmer, kamen mar in pear minsken ôf.

De gemeenterieden hawwe al ynstimd mei de fúzje. Ynwenners kinne noch oant desimber beswier meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)