Twatal rint oer auto hinne
In 20-jierrige man en in 18-jierrige frou út Wolvegea binne sneontenacht oppakt foar it fernielen fan in auto. De twa rûnen oer de auto hinne mei lakskea as gefolch.
De 21-jierrige eigner fan auto hie it sjoen en skeakele de plysje yn. Dy hat de twa meinaam nei it buro. Tsjin de man en de frou is proses-ferbaal opmakke.