Eksekúsje-aksje 31 oanhâldings

17 okt 2010 - 14:34

De plysje hat sneon yn Fryslân by in eksekúsje-aksje 31 minsken oanhâlden foar ûnbetelle boeten of it útsitten fan in finzenisstraf. Twa hawwe de boete betelle en giene frijút. De oaren giene fuortendaliks de sel yn.

Sa moatte in 60-jierrige man en in 24-jierrige frou út It Hearrenfean noch trije wike sitte. In 26-jierrige Kollummer hie noch in straf fan 75 dagen stean. Der is ek foar goed 16.000 euro oan efterstallige boeten ynbard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)