Priis foar Halsbân fan Hofstra

17 okt 2010 - 13:05

De brêge fan arsjitekt Rein Hofstra oer de N31 by Surch is twadde wurden yn in kompetysje om de nasjonale stielpriis 2010. Dêr meie inkeld Nederlânske bedriuwen oan meidwaan dy't wurke hawwe oan it realisearjen fan brêgen yn binnen- of bûtenlân. It winnende ûntwerp stiet yn Dublin, Ierlân. De Halsbân fan Hofstra is wol de moaiste stielbrêge fan Nederlân.

Hofstra wûn earder ek al ûntwerpprizen foar brêgen yn Drachten en Noard-Hollân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)