Konteners sitte net goed fêst

17 okt 2010 - 10:07
  • Lossleine konteners by boareilân It Amelân (argyf Omrop Fryslân)

Sa'n bytsje de helte fan alle konteners op kontenerskippen sit net goed fêst. Fierders is fan in grut tal konteners net bekend wat it krekte gewicht is. Dat hat de ynspeksje ferkear en wettersteat fêststeld yn in rapport dat meikoarten ferskynt.

Kommissaris fan de Keninginne Jorritsma makke dat sneon bekend by de fiering fan it 45-jierrich jubileum fan de Waadferiening. It jout neffens him oan dat de kontenerfeart boppe de Waadeilannen noch altyd net feilich is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)