Natuer Drachten nominearre

© Omrop Fryslân
Lânskipsbehear Fryslân hat de gemeente Smellingerlân nominearre foar de lanlike kompetysje 'Bêste natuer- en lânskipsgemeente'. De priis wurdt alle jierren útrikt troch Lânskipsbehear Nederlân.
Smellingerlân is foardroegen om de belutsenheid fan de gemeente yn it nasjonaal lânskip Noardlike Fryske Wâlden, it ûntwikkeljen fan ekologyske ferbiningssônes en foar de ynpassing fan stedsútwreiding en bedriuweterreinen yn it lânskip.