Nije lineregels: protest KNSB

16 okt 2010 - 15:28

De KNSB stipet de Nederlânske reedriders yn harren protest tsjin de nije regels fan 'e ynternasjonale reedridersuny. Wa't mei de redens op it rjochte ein oer de line giet, wurdt yn it nije seizoen tenei diskwalifisearre. De reedriders binne dêrop tsjin. It reedridersbûn stipet it fersyk fan 'e riders om de regel op 'e lange baan te skowen. Der moat earst in diskusje komme oer de needsaak fan 'e oanpassing fan 'e lineregels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)