Amsterdammer (17) mishannele

16 okt 2010 - 13:09

Twa Hearrenfeaners binne oppakt foar de mishanneling fan in Amsterdammer (17). Dy fytste mei in Hearrenfeaner (18) oer de Herewâl. Dêr waarden se oansprutsen troch in groep en der kaam spul. De twa Feansters, fan 15 en 21 jier, dielden klappen út oan de Amsterdammer. Dy naaide út en flechte in hoarekagelegenheid yn.

De groep wachte it slachtoffer bûtendoar op. Dat makke it foar de plysje maklik om de dieders oan te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)