Glêde diken troch wurk op lân

Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân
Ferkearsdielnimmers moatte benammen yn 'e Klaaihoeke wach wêze op glêde diken. De bouboeren wurkje in soad op it lân en hawwe de wiete modder oan 'e trekkertsjillen as se de dyk op ride. De gemeente Frjentsjerteradiel warskôget foar glêdens.
De gemeente krijt de lêste dagen hieltyd mear warskôgings, bygelyks fan 'e plysje, dat op guon diken in soad modder leit. As it gefaarlik is, kinne der warskôgingsbuorden delset wurde.