GHB-brûker oanhâlden
In 19-jierrige man fan It Hearrenfean is oanhâlden foar fandalisme. De man hie GHB brûkt en koe hast net mear op syn skonken stean.
Op it Ernst van Harenplein joech de man in hurde klap tsjin in auto. In tsjûge warskôge de plysje. Dy naam de man mei nei it buro. Hy krige twa boeten, ien foar it fernielen fan de auto en ien om't hy him net identifisearje koe.