Tsjerke Wynjewâld te keap

15 okt 2010 - 21:00
  • (Foto: GKV Wijnjewoude.nl)

De Grifformeard Frijmakke tsjerke fan Wynjewâld giet nei 65 jier ticht. Der binne noch mar fjirtich leden en dat is te min om de tsjerke bestean te litten. Begjin novimber wurdt de lêste tsjinst hâlden. Dêrnei moatte de leden nei de tsjerke fan Sigerswâld/Fryske Peallen.

It tsjerkegebou giet yn de ferkeap. De dûmny hâldt syn wurk, omdat er ek oan in oare tsjerke ferbûn is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)