Kazerne Warkum iepene

It nije ûnderkommen fan de brânwacht
De brânwacht fan Warkum hat syn âlde ûnderkommen ferruile foar in nije kazerne oan de Konvintsdyk. It gebou waard freedtejûn iepene troch loko-boargemaster Eilings fan Nijefurd. Foar de lokaasje oan de Konvintsdyk is keazen omdat de brânwacht fan Warkum ek ynset wurdt by brannen yn Hylpen. De brânwachtkazerne dêr is ticht.
De Warkumer brânwacht sjocht de iepening as in nije start, neidat der de ôfrûne jierren holpen wurde moast by in tal slimme brannen.