Earste útstjoering SWF lokaal

15 okt 2010 - 19:09

De lokale omrop yn de nije Súdwesthoekegemeente begjint nije wike freed mei syn útstjoerings. SWF lokaal ûntstiet út de lokale omroppen A7FM, RTN en Radio Markant. Dy geane mienskiplik fierder omdat neffens de wet in gemeente mar ien omrop ha mei.

De trije studio's yn Boalsert, Koudum en Snits bliuwe wol bestean, omdat oars de ôfstân nei de studio te grut wurdt. SWF lokaal sil radio, televyzje, kabelkrante en ynternet fersoargje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)