Natuer Fochteloërfean klear

15 okt 2010 - 17:38

Natuergebiet Fochteloërfean yn Eaststellingwerf is offisjeel klear. Fochteloërfean is in heechfeangebiet, dat yn de rin fan tûzenen jierren is ûntstien. De lêste jierren wie der net mear safolle oer fan dit gebiet, mar dat gebiet woe de provinsje werom.

No liket it natuergebiet wer op hoe't it earder wie. Der is in soad lânbougrûn nei it natuergebiet gien en boppedat binne der fyts- en kanorûtes bykaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)