Soarch noch meast by memmen
Undersyk fan Partoer hat útwiisd dat heiten en memmen de soarch thús graach ferdiele wolle, mar dat it wurk dat faak net tastiet. Undersykster Truus de Witte fan Partoer luts dy konklúzje nei fraachpetearen mei 250 famyljes.
Ut it ûndersyk docht bliken dat it âlde rolpatroan fan de wurkjende man en de soargjende frou dreech te trochbrekken is.