Minne Dijkstra ferstoarn

15 okt 2010 - 17:17

De eardere foarsitter fan de PC Minne Dijkstra is tongersdei ferstoarn. Hy hie ALS, in slimme spiersykte. Dijkstra wie al sûnt de jierren '90 aktyf binnen de organisaasje. Earst as skriuwer, sûnt 2007 as foarsitter fan it keatsevenemint yn Frjentsjer. Hy folge doe Jan van der Mei op. Dy moast ophâlde yn ferbân mei sûnensklachten.

Earder dit jier moast ek Dijkstra om deselde reden de foarsittershammer dellizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)