Joop Atsma yn nije funksje

15 okt 2010 - 15:44
  • De dossieroerdracht, mei nije minister Melanie Schulz en âld-minister Tineke Huizinga

Joop Atsma is tongersdei ynstallearre as de nije steatssekretaris Ynfrastruktuer en Miljeu. De offisjele beëdiging by de Keninginne wie achter sletten doarren. Wol is dúdlik dat Atsma de eed yn it Frysk ôflein hat.

Nei de bordessêne, sûnder steatssikretarissen, stie foar alle kabinetsleden de oerdracht fan de ministearjes op it programma. Atsma syn nije baas minister Melanie Schulz sette doe de hantekening foar de offisjele oerdracht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)