Kruiswijk ynsetber tsjin Grins

15 okt 2010 - 15:24

Ron Jans kin snein yn de útwedstriid tsjin FC Grins beskikke oer Arnold Kruiswijk. De ferdediger hat lêst fan syn boppeskonk en trainde tongersdei apart fan de groep. Toch tinkt Ron Jans dat Kruiswijk tsjin syn âlde wurkjouwer ynsetber is.

Ek oer Roy Beerens is Jans posityf. Beerens herstelt fan in ljiskblessuere, mar liket spylje te kinnen tsjin FC Grins. Foar middenfjilder Michal Svec komt de noardlike twastriid te betiid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)