Omrin mei liedingen lizze

15 okt 2010 - 14:25

Omrin mei liedingen lizze yn de wetterkearing fan de yndustryhaven yn Harns. De liedingen moatte der komme yn ferbân mei de Reststoffen Energie Centrale, de REC. Tsjin de ûntheffing fan it Wetterskip foar dy liedingen wie beswier makke.

Dy beswieren binne lykwols net ûntfanklik ferklearre troch de beswierekommisje. De beswiermakkers binne net belanghawwend, sa hat de beswierekommisje oardiele. It Wetterskip folget dat advys op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)