Rekreaasjepark sûnder stroom

15 okt 2010 - 14:11

40 oant 50 bewenners fan it rekreaasjepark Eastmahorn, by Eanjum, sitte sûnt freedtemoarn healwei tsienen sûnder stroom. It enerzjybedriuw hat de stroom ôfsletten omdat de rekkens troch de eigner fan it park net betelle binne.

Troch ferskate oarsaken is der in administrative gaos ûntstien. Op it park binne ek ferskate permaninte bewenners. In soad fakânsjegongers geane no nei hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)