Haachske subsydzje foar Oerol

15 okt 2010 - 13:52

It Oerol Festival krijt doch subsydzje fan it Ministearje fan Kultuer. De Raad voor Cultuur hat in posityf advys útbrocht oer de fjouwerjierrige subsydzjeoanfraach. In eardere ôfwizing fan de oanfraach waard troch it Oerol-bestjoer foar de rjochter oanfochten en dat hat der ta laat dat der no dochs jild komt.

Direkteur Joop Mulder fan it Skylger festival is optein oer it beslút en neamt it in fantastysk kado yn dit jubileumjier. Oerol bestiet 30 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)