Sionsberg noch op list CZ

15 okt 2010 - 11:57
  • MCL leveret bêste soarch, neffens CZ

Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum stiet op de definitive list fan sikehuzen dêr't soarchfersekerder CZ gjin behannelings foar boarstkanker mear fergoedet. Dat meldt CZ op de eigen website. Der steane fjouwer sikehuzen op dy list, Sionsberg is it iennichste Fryske. Neffens CZ fiert De Sionsberg te min behannelings út om foar fergoeding yn oanmerking te kommen.

Neffens de fersekerder leveret it MCL yn Ljouwert de bêste soarch as it giet om de behanneling fan boarstkanker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)