Jonge mei kokaïne oppakt

In 16-jierrige jonge út Burgum is tongersdei op 'e Weaze yn Ljouwert oppakt om't er tritich boltsjes mei kokaïne en hasj by him hie. Mooglik wie er de drugs oan it ferhanneljen. Ek in 26-jierrige man wêrfan't net dúdlik is wêr't er wennet, moast mei nei it buro. Hy hie sân boltsjes by him. Beide sitte fêst.
As de twa it kommende healjier noch in kear yn it Weazegebiet binne en yn oertreding geane, krije se in gebietsferbod fan 24 oeren.