Twadde ferlies follybal Snits

15 okt 2010 - 08:28
  • www.hijlkema-sportfotograaf.nl

De follybalfroulju fan Snits ha ek de twadde wedstriid yn de DELA-league ferlern. Sûnder Derk de Saegher, de trainer-coach hie woansdei dien krigen, waard in hiele lange earste set spile tsjin Sliedrecht Sport.

Mei 34-32 moast Snits belies jaan. Yn de twadde set wie it ferset fan de Snitser froulju, mei twadde trainer Rob Spaanstra op de bank, like taai. Dy set gong mei 25-22 ferlern. Doe wie it ferset brutsen. De tredde set wie mei 25-14 foar Sliedrecht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)