Fryske dammers yn Praach
De Fryske dammers ha tongersdei yn Praach harren earste ynterlân ferlern. Italië wie yn trije fan de fjouwer spulfarianten de sterkste. Jelle Wiersma, Cor Kooistra, Sjoerd Teake Kooistra en Folkert Groenveld ferlearen it Italiaanske, it Poalske en it Tsjechyske spul. Yn it Fryske spul wiene se wol de boppelizzende partij.
Freed nimme de Friezen it op tsjin thúslân Tsjechië.