Aris ûnderút yn Den Bosch
De Ljouwerter basketbalploech De Friesland Aris is tongersdeitejûn hurd ûnderút gien yn Den Bosch. Yn de wedstryd tsjin EiffelTowers ferlearen de Friezen mei 84-56. Aris hat net in momint sicht hân op in oerwinning: by it skoft stie Den Bosch al mei 46-27 foar.
Topskoarder by Aris wie mei 13 punten Todd Brown. Sneon spylje de Ljouwerter basketballers thús tsjin ABC Amsterdam.