'Nea wer spul oer bou'

14 okt 2010 - 20:51

Fryske boeren kinne tenei folle makliker in nije grutte stâl of in loads bouwe, sûnder hiele lange prosedueres en spul mei de gemeente, de provinsje en de wolstânskommisje.

Dat kin om't de ynstânsjes de útwreidingsplannen net mear efterôf kontrolearje, mar foarôf mei de boer yn petear geane oer syn plannen. De lêste moannen is mei dizze nije wurkwize proefdraaid. De reaksjes binne posityf. No moatte alle Fryske gemeenten de wurkwize noch oernimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)