Nije fyts is net te stellen

Altyd de fyts feilich efterlitte
Fytsefabryk Batavus op It Hearrenfean hopet op flink wat ekstra klanten, troch in fyts dy't hast net mear te stellen is. De nije kolleksje fytsen krijt foar in diel in nij type slot, dat stevich ynboud sit yn de efterfoarke fan de fyts.
As dieven dat slot stikken meitsje wolle, is fuortendalik ek de fyts hielendal fernield en kin je der neat mear mei. Batavus hat belangrike prizen wûn mei it ûntwerp fan dit soarte fytsen. Se kostje goed 750 euro.