Marsumer mûne wer yn bedriuw

De lytste spinnekopmûne fan Fryslân wurket ynkoarten wer. Yn maart soe de mûne Terpzigt yn Marsum nije wjukken krije, mar doe die bliken dat de sintrale as yn it bouwurk ferrotte wie. De mûne hat dêrom moannen langer stilstien. No hat de Stichting Molens in Menaldumadeel genôch jild fûn om de 120 jier âlde Spinnekopmûne dochs te restaurearjen.
Ein nije wike kinne de wjukken fan de mûne wer draaie, want dan moatte de wurksumheden klear wêze.